Fan de foarsitter

It winterseizoen is wêr út ein set

De fakânsjes sitte der op en bestjoer, ferienings en klubs hawwe nije enerzjy en wolle nije plannen realisearje. Wat it allegearre wurde sil, sil de tiid útwize. Wy binne der klear foar en ús frijwilligers wolle der ek wer it bêste en it moaiste fan meitsje. Doel is om mienskip en doarp te tsjinjen en te betsjinjen.

Lees meer ...

It tal frijwilligers dat it wurk fan achter de bar dwaan moat, nimt spitigernôch stadichoan ôf. Guon wykploegen krije it dreger en dreger om de wykplanning ferantwurde yn te foljen. In lytsere groep minsken moat mear en mear in berop dwaan op hyltiid deselde minsken. Dat sil nei ferrin fan tiid foar in tal frijwilligers net mear op te bringen wêze. Gefolch, in wykploeg sil der mei ophâlde en de ploegen dy’t troch gean, moatte faker oan de bak. Dizze delgeande spiraal sille wy as doarp meiïnoar trochbrekke moatte. Yn it slimste gefal soe it mooglik wurde kinne dat aktiviteiten oergean moatte, omdat der net genoch frijwilligers binne.

Wa wol opnommen wurde yn ien fan de wykploegen? Meld dy oan by in frijwilliger, by in behearder of by in bestjoerslid!!!

Skjinmaak foyer en grutte seal

De flierbedekking yn ’e foyer hat nei it doarpsfeest in reinigingsbeurt hân en leit der wer “spik en span” by. It linoleum yn de grutte seal is op profesjonele wize op ’e nij yn de was set. Troch it regelmjittich op ‘e nij yn ’e was setten kin it linoleum hiel lang mei. Troch in lytse ynvestearring yn flierûnderhâld kin ferfanging hiel lang útsteld wurde.

“Buitenschoolse opvang” yn Ryptsjerk

It deistich bestjoer is troch “Kinderwoud” benadere om yn de “Pjutte buortersseal”, ien dei yn ’e wike, “Buitenschoolse opvang” oan te bieden. De realisaasje leit folslein by “Kinderwoud”. Nei gearspraak sil der fan de kant fan “de Einekoer” gjin beswier komme.

Wat soe de Einekoer dwaan kinne oan de beheinig fan it plastic-ôffal

It probleem fan it plastic-ôffal wurdt stadichoan slimmer. Seeën, marren en fearten komme der fol mei te lizzen. It wurdt beneamd as de net mear te behearskjen “plasticsop”.

Yn benammen de feestwike dogge wy dêr ek behoarlik oan mei. Alle drankjes wurde ferkocht yn plasticbekers/-glêzen dy’t mar ien kear brûkt wurde. Eins is dat te gek foar wurden.

Yn de Ljouwerter Krante (LC) fan in pear moanne lyn stie in artikel oer plastic-“glêzen” dy’t nei it brûken skjinmakke wurde kinne. Mei it net keapjen fan miskien wol 5.000 fuortsmyt”glêzen” soene wy in bydrage leverje kinne oan in better miljeu en it beheinen fan de wrâldwide plasticsop.

Yn it bestjoer sille de (ûn)mooglikheden fan wêrbrûkbere plastic-“glêzen” meikoarten oan de oarder komme.

As lêste

Winskje ik alle lêzers fan de de doarpskrante, út namme fan frijwilligers, behearders en bestjoer in soad noflike dagen/jûnen yn “de Einekoer” ta,

Rienk van Gorkum

 



Email facebook twitter LinkedIn Hyves